Merkefamyljes nei Den Haag út eangst foar takomst: seizoen wurdt hieltyd koarter

09 jun 2020 - 11:06

Fyftich froulju fan merkefamyljes freegje tiisdei yn Den Haag omtinken foar de noed ûnder de merkefamyljes. De merken meie noch hieltyd net iepen. De reden is dat sy ûnder eveneminten falle en dy meie net trochgean. It wetter stiet in soad merke-eksploitanten oan de lippen want it seizoen wurdt hieltyd koarter.

Merkefamyljes nei Den Haag út eangst foar takomst: seizoen wurdt hieltyd koarter

De froulju gean nei Den Haag omdat se perspektyf ha wolle. "Wy wolle in stip oan de hoarizon ha, dat we sizze: dêr kinne wy nei ta wurkje", leit Atze Lubach fan de lanlike feriening fan merke-eksploitanten út. "En as dat no 1 septimber is, it leafst wol elkenien sa rap as mooglik wer iepen. Dat is wichtich, want oars is ús seizoen al hast wer foarby. It wurdt al in hiel koart seizoen mei mar twa moannen te gean, septimber en oktober. In protte ferienings en stichtingen ha harren festiviteiten al annulearre, dus wat bliuwt der dan straks noch oer. Dat is ien."

"It oare is; wy ha begjin april in dúdlike oanfraach dien by it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat foar in needfûns foar de merkeminsken. Dêr ha we oant no ta noch gjin offisjele reaksje op hân. Allinnich mar troch te lobbyen, safier wy no ynformearre binne komt der fierstente min út de generike maatregel foar de merkeminsken."

It hiele seizoen foar de merkeminsken is fuort. Se krije gjin ynkomsten mear. Dat hâlde sy net fol mei alle ynvestearringen dy't der begjin dit jier dien binne.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Atze Lubach oer de soargen dy't de merke-eksploitanten hawwe

Trefwurden: 
merke coronafirus Atze Lubach
(Advertinsje)
(Advertinsje)