De befrijing fan Skier kaam pas wiken letter

09 jun 2020 - 20:52

Skiermûntseach wie it lêste stikje Nederlân dat befrijd waard fan de Dútsers. Pas op 11 juny 1945 stapten de 600 Dútske soldaten, dy't yn 'e oarloch op Skier legere wiene, op 'e boat nei Zoutkamp. Wat dêr op it eilân gebeurd is, en hoe't it kaam dat it sa let befrijd waard, wurdt ferteld yn in telefyzjeútstjoering by Omrop Fryslân.

De ôftocht fan de 600 Wehrmachtsoldaten fan Skiermûntseach - Foto: Bauke Henstra

De provinsje Fryslân wol de befrijing fan Skiermûntseach betinke. Omdat der troch de coronamaatregels gjin grut evenemint mei in protte minsken mooglik is, is der yn plak dêrfan in telefyzjeústjoering mei gasten en live muzyk. De útstjoering is op tongersdei 11 juny tusken 15.30 oere en 17.00 oere by Omrop Fryslân, live by de Koaipleats wei.

Seis wike langer oarloch

De oarloch op Skiermûntseach ferrûn folslein oars as op de fêstewâl. De befolking fan Skier moast nei 5 maaie 1945 noch seis wike wachtsje op syn befrijing. Dat kaam omdat 120 bewapene Dútske en Nederlânske leden fan de SS en de SD noch op it eilân sieten. Se hiene trije pleatsen oan de Koaiwei yn beslach nommen. Se ferburgen harren dêr yn 'e einekoai, yn 'e hoop letter nei Dútslân ûntsnappe te kinnen. Mei in plan fan fersetsman Herman Kloppenborg slagge it om de groep sûnder geweld fan it eilân te krijen. Se waarden op 'e boat rjochting Zoutkamp setten, en dêrwei nei de finzenis yn Grins brocht.

Scholtenhuis

Doe't yn april '45 de Kanadezen oprukten nei it noarden fan Nederlân, waard it de leden fan de SS en de SD te hyt ûnder de fuotten. Sy sieten yn it Scholtenhuis yn Grins, it noardlike haadkertier fan de Sicherheitsdienst en de Sicherheitspolizei, oan de eastside fan de Grote Markt. It wie yn de besettingstiid in berucht gebou. In protte fersetsminsken en oaren binne der op wrede wize heard, martele en fermoarde. Dêrneist soarge it personiel fan it Scholtenhuis foar deportaasje fan de Joaden út it noarden.

Flechtplan

By in Kanadeeske oerwinning soene de SS'ers en SD'ers arrestearre wurde. Dêrom makken se it plan om fia Skiermûntseach nei it Dútske waadeilân Borkum te flechtsjen. Yn 'e nacht fan 14 op 15 april 1945 is in groep fan 120 leden fan de SS en de SD nei Zoutkamp gien. Op fjouwer skippen setten se koers nei Skiermûntseach. Underweis waarden se besketten fanút Eastmahorn, dêr't fersetsminsken de stellingen oan de kust ynnommen hiene. De Dútsers dy't dizze 'Grenzschutz' bewaakten, wiene al nei Skier flechte.

Kalm

Op it eilân wie al in groep fan 600 Dútsers legere, dy't diel útmakken fan de ferdigeningsliny 'Atlantikwall'. Yn de dunen wennen se yn it 'Schleidorp'. De befolking fan Skier telde yn de oarloch ûngefear 700 minsken. It bleau relatyf rêstich op it eilân, der wie gjin sabotaazje of ferset. De Dútske besetter joech de eilânbewenners it boadskip: 'As wy gjin lêst hawwe fan jim, dan sille jim gjin lêst hawwe fan ús.' Wylst tritich kilometer fierderop yn Grins minsken deasketten waarden, ferrûn op Skier it libben frij kalm.

(advertinsje)
(advertinsje)