Natuurmuseum Fryslân woe skoare mei eksposysje 'GIF', mar de coronakrisis sette alles yn stilstân

09 jun 2020 - 10:55

It hie dé publykslûker wurde moatten yn 2020 by it Natuurmuseum Fryslân. De tentoanstelling 'GIF, oog in oog met levende giftige dieren' is de grutste en djoerste produksje ea yn it 96-jierrich bestean fan it museum. "We hadden voor deze expositie alles uit de kast gehaald: een spectaculaire presentatie, een uitgebreide activiteitenagenda en een ruim educatief aanbod. En het begon goed: de eerste twee weken waren er al ruim 10.000 bezoekers", fertelt museumdirekteur Tom van Slooten. "Maar de coronacrisis zette alles in stilstand."

Natuurmuseum Fryslân woe skoare mei eksposysje 'GIF, mar de coronakrisis sette alles yn stilstân

Op 13 maart moast it museum de doaren slute. In leech museum fol mei giftige slangen, spinnen en kikkerts, wachtsjend yn harren terraria. En gjin besikers betsjut ek gjin ynkomsten fan entreekaarten, hoareka-opbringsten of winkelomset. Krekt dy ynkomsten binne hurd nedich om de kosten fan dizze eksposysje te beteljen. "Het is voor ons een hele onwerkelijke periode geweest in het museum", seit Van Slooten.

Natuurmuseum Fryslân hat doaren wer iepen - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

GIF as Blockbuster

"We hadden GIF als blockbuster geprogrammeerd. In de eerste weken hadden we al 13.000 bezoekers over de vloer en toen moesten we dicht. De bedoeling was om met deze tentoonstelling echt een 'print' neer te zetten en te laten zien wat wij als museum kunnen. En met een bijzonder boeiend onderwerp." It Natuurmuseum hie 100.000 besikers út Noard-Nederlân en Dútslân lûke wold mei de eksposysje.

165 besikers deis

Sûnt juny meie de musea wer iepen, mar wol ûnder strange betingsten. "Wij merken dat mensen terughoudend zijn met het boeken van tickets. De spontaniteit is wat weg om zomaar langs te komen. Mensen zijn wat voorzichtiger, dat is trouwens een tendens in heel Nederland."

It Natuurmuseum mei op basis fan syn oerflakte 165 minsken deis ûntfange, en dat makket it foar it museum wol hiel lestich om it winske oantal besikers te krijen. "Het is voor ons een uitdaging om de boel straks goed op orde te krijgen. We hadden gehoopt dat we onze reserves dit jaar konden plussen, maar dat gaat nu niet gebeuren. We zijn nu scenario's aan het doorrekenen en aan het bekijken wat dit voor gevolgen heeft voor ons museum aan het einde van het jaar."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn Natuurmuseum Fryslân

Slang - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)