Kringloopwinkel Het Lichtpunt yn Kollumersweach wer iepen

Trije moannen hat kringloopwinkel Het Lichtpunt yn Kollumersweach ticht west. Tiisdeitemiddei om 13.30 oere iepenet de saak mei twaddehânsk guod de doarren wer. Wol mei maatregels. "Minsken moatte hanwaskje foar't se deryn komme meie. En fierder hawwe wy rinrûten fan hoe't minsken rinne moatte", fertelt Feike Kooistra fan Het Lichtpunt.
Moadeshow mei âlde kofjekannen yn de Lichtpuntloads (argyf) © Omrop Fryslân
In soad minsken kamen altyd graach by Het Lichtpunt foar it sosjale barren dêr. "De kofjebar is no ticht, mar wy hawwe wol in partytinte delset dêr't wy kofje skinke. Oeren hingjen bliuwe is der lykwols no earst efkes net by en dat is wol spitich, want minsken kamen ek altyd by Het Lichtpunt om inoar te treffen."
Yn de perioade dat de kringloopwinkel ticht moast, hawwe der gjin ûntrommingen west en koenen minsken gjin guod ynbringe. "Der wie gjin ferkeap, mar ek gjin ynbring. Dat komt no aanst ek allegearre wer op gong. De earste ôfspraken stean al wer ynpland", fertelt Kooistra,

Krisisopfang iepen

Fan de opbringst fan it guod dat Het Lichtpunt ferkeapet wurdt krisisopfang finansiere foar minsken dy't yn need sitte. "Dy krisisopfang koe yn de coronatiid lokkich wol gewoan trochgien en dat is ek bard." De stichting hat sa'n 200 frijwilligers, fan wa't in part ek aktyf is yn de nachtopfang. "In soad fan ús frijwilligers sitte yn de risikogroep fan 70 plus. Guon hawwe oanjûn dat se har wurk earst net doarre út te fieren. De betelle krêften yn de krisisopfang koenen wol wurkje, mar mei de frijwilligers moast in nije modus fûn wurde."
Feike Kooistra fan kringloopwinkel Het Lichtpunt