Auto yn 'e sleat by Wynjewâld nei ûntwiken ree
In frou is moandeitejûn by Wynjewâld mei har auto yn in sleat bedarre om't se útwike moast foar in ree. It ûngelok wie op de N381. De frou en de ree kamen troch de útwykmanoeuvre mei de skrik frij. De auto rekke wol skansearre en moast troch in berger út de sleat helle wurde.