Rebûlje oer leeljefjilden by Wikel; noed oer bestridigsmiddels

09 jun 2020 - 06:15

De soargen oer de blombolletylt yn Wikel en omkriten nimt hieltyd mear ta. In protte ynwenners fan dy streek hawwe soargen oer de teelt, de bestridingsmiddels dy't derby brûkt wurde en it effekt derfan op de biodiversiteit.

Foto: ANP

Der is net in protte kennis oer de effekten fan de blombolletylt op de omjouwing en in groep ferûntrêste bewenners hat him dêrom feriene.

Yn Wikel en omkriten wurde benammen leeljes kweekt, en de oerflakte fan dizze teelt nimt alle jierren ta. De bedoeling is dat der kommende tongersdei in ynformaasjejûn hâlden wurdt foar nûge gasten, mar om't it sa bot libbet yn it doarp en der in protte folk ferwachte wurdt is it noch net wis oft it wol trochgean kin yn ferbân mei de coronaregels.

Moandei kaam in groep fan sa'n acht besoarge ynwenners by inoar, ien fan harren wie Jerry Kramer dy't neist sa'n perseel wennet. De groep minsken wiene tige ferrast dat der sa'n ophef yntusken is oer dit ûnderwerp, in teken dat it breed libbet yn de doarpsmienskip.

Harkje hjir nei in petear mei Jerry Kramer

(Advertinsje)
(Advertinsje)