Portretteprojekt Iepen Doar(p) krijt ynternasjonaal ferfolch

08 jun 2020 - 22:29

It LF2018 projekt Iepen Doar(p) fan Feanwâldsterwâl krijt in ynternasjonaal ferfolch. De kommende jierren sille ek doarpen yn Kroäsië, Servië en Litouwen portrettearre wurde lykas yn 2018 ek bard is yn Fryslân.

Foto: Simone Scheffer Omrop Fryslân

It giet om de doarpen Praputnjak, Hopovo en Zapy Kis. Njonken plannen foar in rige audiofisuele portretten lykas yn Iepen Doar(p), wol de organisaasje ek besykje om de doarpen mei-inoar yn kontakt te bringen. Dit moat foarm krije yn in útwikseling fan jongerein yn de leeftiid fan 16 oant 24 jier.

Iepen Doar(p) krijt mei dit ynternasjonale ferfolch ek in ynternasjonale namme: Open Doors.

(Advertinsje)
(Advertinsje)