Boeren reitsje mooglik fêste sitten yn Wetterskip kwyt

08 jun 2020 - 21:21

Boeren reitsje mooglik harren fêste sitten yn it wetterskipsbestjoer kwyt. Dat is alteast it advys oan minister Cora van Nieuwenhuizen fan de Adviescommissie Geborgde Zetels bij Waterschapsbesturen.

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

Neffens de kommisje soene de politike partijen yn it wetterskipsbestjoer goed genôch yn steat wêze om de belangen fan elkenien ôf te wagen. En dus ek de belangen fan de boeren en natuerorganisaasjes. Dizze groepen hawwe no noch in fêst tal sitten yn it bestjoer. Ek yn de Twadde Keamer wiene der lûden dat de fêste sitten foar boeren en natuerorganisaasjes ûndemokratysk wiene.

Provinsjaal tawiisd

By alle wetterskippen yn Nederlân wurde no sân oant njoggen sitten automatysk reservearre foar boeren, bedriuwen en natuerorganisaasjes. It hinget fan de provinsje ôf hoefolle sitten foar dizze groepen reservearre wurde.

Neffens de advyskommisje kinne spesifike belangen ek op in oare wize nei foaren brocht wurde, lykas mei in adviesrie as mei sitten yn in advyskommisje.

Unbegryp

It advysrapport sil de kommende tiid bepraat wurde mei ûnder oaren de wetterskippen en de oare partijen. LTO Nederlân hat al witte litten dat se it advys oer it opjaan fan de reservearre sitten net snappe. "Wy fine it ûnbegryplik dat dit it advys is fan de kommisje", sa seit Trienke Elshof fan LTO Noard

"Wy fine it min ûnderboud", aldus Elshof. "Yn it belang fan twa wichtige sektoaren fine wy it hiel skande dat dit no bart." LTO hat ûnder oare noed oer de kunde dy't de politisy hawwe as it giet om hiel spesifyk agraryske saken.

Neffens Elshof besykje de boeren en natuerorganisaasjes altyd om genôch kunde yn harren fêste sitten te krijen, sadat de keuzes goed ûnderboud naam wurde kinne. "Hoe komt it dalik as der keuzes makke wurde moatte oer bygelyks peilen of oare wetterhúshâldlike yngrepen?"

Harkje nei in petear mei Trienke Elshof

(advertinsje)
(advertinsje)