OERSJOCH: Wat moat der barre mei de stikstofreduksje?

It belied fan it kabinet Rutte om de stikstofútsjit te ferminderjen en natuergebieten te beskermjen is net goed genôch. Dat is it oardiel fan de kommisje-Remkes.
© ANP
Moandeitemiddei waard it einrapport fan de kommisje, dy't it kabinet advisearret by de oanpak fan it stikstofprobleem, yn Den Haag presintearre oan minister Schouten fan Lânbou, Natuer en Foedselkwaliteit. Yn Fryslân wurdt benammen troch de lânbou mei arguseagen sjoen nei wat der yn it rapport stiet en wat it kabinet mei de advizen docht.
Neffens de kommisje is it kabinet Rutte net ambisjeus genôch. De doelstelling fan it regear is om de stikstofútsjit oant 2030 mei 26% te ferleegjen yn fergelyk mei 2019. Mar dat moat 50% persint wurde, seit Remkes. En de maatregels moatte juridysk fêstlein en hanthavene wurde. Yn 2040 moat de útstjit sa leech wêze dat der gjin skea mear oan natuergebieten tabrocht wurdt.

Lânbou

It grutste part fan it advys fan de kommisje rjochtet him op de lânbou. Dy is neffens it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, it RIVM, ferantwurdlik foar mear as 40 persint fan alle stikstofútstjit.
It kabinet kiest der yn de maatregels dy't oant no ta bekendmakke binne foar om boeren sels de kar te jaan oft se ophâlde wolle as net. Remkes set fraachtekens by dy oanpak: "Er moet mogelijk meer worden gekeken naar de uitkoop van bedrijven die in de buurt van een natuurgebied liggen", seit Remkes. En de sektor moat emisje-earm wurde.

Stoffebalâns

De lânbousektor hat ein ferline jier sels ek al in pakket oan foarstellen oan minister Schouten jûn. Remkes sjocht dêr goeie oanknopingspunten yn foar fierder belied. Hy stelt foar om de útstjit fan stikstof en de effekten fan maatregels fêst te lizzen yn in stoffebalâns dêr't de boer op ôfrekkene wurde kin. Dy moat net boppe-op al besteande registraasjesystemen komme mar dizze ferfange, seit Remkes.
De administraasje moat ienfâldiger wurde foar boeren. "De regellast is nu te zwaar. Een drastische vereenvoudiging is noodzakelijk", fynt Remkes.

Foardiel foar Fryslân

De kommisje kiest foar in oanpak dy't bûn is oan gebieten en net foar ien lanlike oanpak. Sa moatte der regionale stikstofplafonds komme. Dat kin foar Fryslân in foardiel wêze, omdat de útstjit hjir net sa heech is en der in soad romte yn de provinsje is. Foar bedriuwen dy't yn 'e buert fan natuergebieten lizze bliuwt de kâns grut dat syn ophâlde as ferhúzje moatte.
It idee fan Schouten om de beskerme status fan bepaalde natuergebieten te skrassen wiist de kommisje ôf. Dêr kin gjin sprake fan wêze. Earder moat der mear natuer by komme. Om de natuer te werstellen tinkt de kommisje ûnder oare oan it struien fan stienmoal, dat de stikstof opnimt, en oan it ôfplagjen fan grûn.
Minister Schouten makke yn april bekend dat se fiif miljard euro útlûke wol foar de oanpak fan it stikstofprobleem. Trije dêrfan is bedoeld foar beskerming fan de natuer en twa miljard foar maatregels om de útstjit yn de lânbou te ferminderjen. Boeren twinge om op te hâlden sit dêr noch net yn.

Oare sektoaren

De kommisje sjocht ek nei oare sektoaren as de lânbou. Oan it ferkear is mei de ferleging fan de maksimumsnelheid nei 100 kilometer yn it oere foarearst genôch dien. De yndustry moat de reduksje fan stikstof yntegrearje yn de ôfspraken dy't makke binne yn it klimaatakkoart. En dat betsjut dat oergong nei duorsume enerzjy flugger moat. Dat giet no net fluch genôch.
Enerzjybedriuwen moatte harren rjochtsje op sinne en wynenerzjy. Foar biomassa, dy't no bystookt wurdt yn enerzjysintrales, moatte de subsydzjes stopset wurde omdat der te grutte twivels binne oer de miljeu-effekten fan dizze oanpak. Foar de bou moat foldwaande romte beskikber komme. It stilsetten fan in grut tal bouprojekten troch de stikstofproblematyk moat net wer barre fynt Remkes.

Ferfier

Ek de skipfeart moat oan 'e bak fynt Remkes. Dy sektor soarget no foar in protte útstjit fan stikstof troch ferâldere motoaren. Fan 2021 ôf moatte de easken foar nije skippen flink omheech yn oerienstimming mei strangere noarmen foar alle ferkear yn Europa, fynt de kommisje.
De loftfeart lit Remkes yn it einrapport bûten skot omdat hjir yn jannewaris al foarstellen foar nei bûten brocht binne oer bygelyks skjinne bussen op fleanfjilden, skjinne enerzjyfoarsjenning dêr en skjinnere motoaren foar de fleantugen yn 'e takomst.

Kabinet oan set

Wat it kabinet úteinlik mei de advizen docht, is noch ôfwachtsjen. Minister Schouten sei nei de presintaasje dat se de útkomsten earst goed bestudearje wol en der letter op reagearret.