Ynwenners fan Skiermûntseach krije kadobon fan gemeente

08 jun 2020 - 18:03

Ynwenners fan Skiermûntseach kinne ynkoarten in kadootsje fan de gemeente ferwachtsje. Om lokale ûndernimmers te stypjen krije húshâldings in kadobon, dy't se op it eilân útjaan kinne.

Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It giet om in kadobon fan 20 euro, dy't alle húshâldings krije. De gemeente hopet op dizze wize de ûndernimmers te stypjen. Ek fine se dat de eilanners wol wat moais fertsjinje yn dizze drege tiden.

As minsken de bon net útjouwe foar 30 juny, wurdt it jild automatysk oermakke nei de Voedselbank.

(Advertinsje)
(Advertinsje)