Buro ûndersocht effekt transformatorstasjon: Burgum net meast geskikte plak

Foar it nije wynpark boppe de Waadeilannen moat in kabelferbining komme om de elektrisiteit dy't opwekt wurdt oer te bringen nei it fêste lân. Ek in transformatorstasjon is nedich en dêrfoar sjocht it ministearje nei trije lokaasjes: Burgum en yn Grinslân de Eemshaven en Vierverlaten. Yn Burgum is de tsjinstân grut, in aksjekomitee ferset him al in skoft tsjin de komst fan dat transformatorstasjon. In apart buro hat no sjoen wat de effekten binne fan de komst fan sa'n stasjon.
© Omrop Fryslân
Burgum is net fuortendaliks it meast geskikte plak foar in transformatorstasjon. Dy konklúzje is te lûken út it advysrapport oan it regear. Yn dat rapport wurdt ûnder oare dat meinaam as minpunt foar de lokaasje. En omdat in transformatorstasjon by Burgum problemen opsmyt foar it miljeu, soe der ek net samar in fergunning foar jûn wurde.
Ek dat pleitet tsjin de lokaasje Burgum, seit deputearre Poepjes, dy't har yn it rapport ferdjippe hat.
Sietske Poepjes
Buertbewenners binne bliid dat no steld wurdt dat Burgum net in goed plak is foar it transformatorstasjon. Klaas de Haan fan aksjegroep Noardermar is optein dat der no nei de Eemshaven sjoen wurdt. "Wy fine it hiel min foar it toerisme as it stasjon hjir wol komme soe, yn it brûzjend hert fan Fryslân Sa'n stasjon soarget foar in lege bromtoan, dy't lûdsoerlêst jout en boppedat de kwaliteit fan libjen nei ûnder hellet. Wy binne bliid dat deputearre Poepjes nei ús krityk harke hat."
Klaas de Haan fan aksjegroep Noardermar