Sportklup Hearrenfean freget hierferleging oan

Sportklup Hearrenfean hat ferleging fan de hier oanfrege by Sportstad Heerenveen. De hierferleging foar it Abe Lenstra Stadion wurdt oanfrege yn ferbân mei it coronafirus. In soad fuotbalklups hiere it stadion fan in tredde partij. Omdat der no net fuotballe wurdt, freegje sy ferleging oan. Dat hat Hearrenfean no ek dien.
Abe Lenstra Stadion © ANP
De hier is no 2,3 miljoen euro it jier. Sportklup Hearrenfean betellet dat oan Sportstad Heerenveen, dêr't se sels ek oandielhâlder fan binne, tegearre mei de gemeente Hearrenfean.
Neffens Cees Roozemond binne se yn in konstruktyf petear mei Sportstad Heerenveen.