FIDEO: Seehûn swimt yn Dokkumer Ie by Lekkum
Yn de Dokkumer Ie by Lekkum is dizze moandei in seehûn sjoen. It komt net faak foar dat seehûnen sa djip it Fryske binnenwetter ynswimme. Petra Bosma-Zwart filme it bist. Se hat ek de seehûne-opfang yn Pieterburen warskôge.
Yn febrewaris waard ek al in seehûn sjoen yn it binnenwetter by Westergeast. Dat leit lykwols in stik tichterby de Waadseekust dêr't seehûnen libje.