Steatelid Posthumus oer werferdieling ryksjild: "It is hiel bryk allegear"

08 jun 2020 - 17:06

Alle gemeenten yn Nederlân krije fan it Ryk jild foar it sosjaal domein. Minister Ollongren wol de ferdieling fan dat jild feroarje en dat pakt tige min út foar Fryslân. Benammen gemeenten mei minder as 100.000 ynwenners geane derop achterút. Yn Fryslân giet it dan om hast alle gemeenten, en dat wylst de measte gemeenten al mei tekoarten op it sosjaal domein sitte. De FNP wol yn aksje komme, yn gearwurking mei it Groninger Belang.

Foto: Pixabay

"We binne al yn aksje kommen", seit steatelid Sybren Posthumus. "We ha in iepen brief stjoerd nei de kolleezjes fan de provinsjes Fryslân en Grinslân en sille it kommende woansdei yn de Steaten beprate."

Aksje is neffens Posthumus nedich om't it plan grutte negative finansjele gefolgen hat foar plattelânsgemeenten. "It kostet Fryslân 10 miljoen it jier. Dêr kinst hiel wat biblioteken en swimbaden foar iepenhâlde. We moatte der net oan tinke dat dit trochgiet. De provinsje moat dêrom mei de gemeenten yn aksje komme."

Neffens him moatte de Steaten in dúdlik sinjaal nei it Ryk ôfjaan dat dit oars moat. "De lytsere gemeenten mei minder as 100.000 ynwenners binne de dupe en dus ek de ynwenners as alles fuortbesunige wurdt. It jild giet no nei de grutte stêden, mar dy hawwe al fia besteande jilden ekstra bydragen foar sosjale problemen. It is hiel bryk allegear."

Harkje hjir nei in petear mei Sybren Posthumus

(advertinsje)
(advertinsje)