Eufory yn hoareka is in wike nei de weriepening alwer fuort

08 jun 2020 - 16:48

De earste dei wie prachtich, mar de hoareka fernimt wol dat it wurkjen mei de nije coronamaatregelen hjir en dêr noch lestich is. Pinkstermoandei 1 juny om tolve oere middeis mochten de restaurants en kafee's nei in lytse trije moannen, de doarren wer iepen dwaan, nei't se troch de coronakrisis ticht moasten.

Café Wouters yn it sintrum fan Ljouwert hie in prachtige earste dei, mar sjocht noch wol romte foar ferbettering, sa seit Sandra Frank. "De maandag was een fantastische dag, maar dat is langzamerhand wel wat weggeëbd. Ik denk dat dit in sommige gevallen angst is, en dat het te maken heeft met de onbevangenheid." Minsken moatte tsjintwurdich nammentlik reservearje as se earne wat ite as drinke wolle. En dan is de spontaniteit fan 'earne oanstekke' folslein fuort.

Thúswurkje

By Wouters merke se fierder de gefolgen fan de grutte feroaringen yn de kantoargebouwen yn Ljouwert. "Wij draaien onze lunch op de zakelijk markt", sa leit Frank út. En krekt dy saaklike lunch is folslein fuort no't in grut part fan de meiwurkers thús wurket. "De stad is overdag een stuk leger."

Stadichoan komme der wol wer wat toeristen, "dat is mooi. Wij hebben natuurlijk de mazzel dat we hier weinig besmettingen hebben gehad."

Foto: Omrop Fryslân

Protokollen

Foardat de doarren ferline wike iepene wurde koene moasten de restaurants en kafees har earst wol tariede op allerhande coronamaatregelen. Guon dêrfan befalle nei in wike wurkjen goed, mar oaren soargje foar problemen.

Sa slagget it desynfektearjen oer it algemien goed, sawol fan de tafels as de hannen. Ek de oardel meter wurket prima, mar as der alkohol yn it spul is wurdt it dreger.

Frank hat noch wol in winsk foar de takom moannen: "Laat het overdag 25 graden zijn, en dan 's nachts regen voor de boeren!" Want by de terrassen hoecht net reservearre te wurden, en dat soarget foar mear ynkomsten.

(advertinsje)
(advertinsje)