Noardeast-Fryslân goed fjouwer miljoen yn de min

08 jun 2020 - 15:51

De gemeente Noardeast-Fryslân slút 2019 positiver ôf as tocht, mar hat dochs noch in tekoart fan fjouwer miljoen euro. De gemeente ferwachte eins út te kommen op in tekoart fan seis miljoen euro. Mar trochdat de gemeente it jild yn it sosjaal domein oars ynset hat, is it tekoart mei twa miljoen werombrocht.

Foto: Noardeast-Fryslân

Dat it tekoart minder grut is as earst tocht komt ek trochdat der ekstra jild fanút it Ryk kaam is fan it klimaatakkoart. Dit jild is yn 2019 noch net bestege.

Dêrnjonken binne der ek in tal aktiviteiten troch omstannichheden net fan start gien, of noch net ôfmakke. Dit jildt ûnder oare foar de Doarpsûntwikkelingsmaatskippij en de ynfiering fan de omjouwingswet.

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân praat op 2 july oer de jierrekken.

(advertinsje)
(advertinsje)