Wer steuring by brêge fan Burgum; nei goed in oere wer oplost

De brêge yn Burgum oer it Prinses Margrietkanaal wie moandeitemiddei goed in oere ticht troch in steuring. De slachbomen fan de brêge bleaunen ticht en woenen net mear omheech. De plysje wie te plak en hat de dyk ôfset.
© De Vries Media
Ferskate minsken rûnen ûnder de slachbomen troch om sa dochs noch oer de brêge te kommen. De intercom rôp minsken op om dat net te dwaan. De plysje wie by de brêge om minsken werom te stjoeren.
In monteur hat it probleem te ferhelpen. De dyk wie yn beide rjochtingen ticht.