Plysje fynt drugs en jild by ynfal yn Ljouwert

08 jun 2020 - 14:22

De plysje hat in drugsynfal dien by in wenning oan de Stationsweg yn Ljouwert nei't der meardere meldingen fan en klachten wienen oer drugsoerlêst.

Foto: Plysje

By de ynfal is in 49-jierrige man oanhâlden. Hy hie meardere wikkels mei drugs en tsien bollen heroïne yn besit. Ek waard hast 1.000 euro yn kontanten oantroffen.

De man is meinaam foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drugs
(advertinsje)
(advertinsje)