145 Learlingen ha eineksamen foar it fak Frysk dien

08 jun 2020 - 14:15

Dit jier ha yn totaal 145 learlingen eineksamen dien foar it fak Frysk. 92 learlingen fan it vmbo dienen eksamen Frysk, op de havo wienen dat 28 learlingen en op it vwo 25 learlingen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Foarich jier makken hast likefolle learlingen it eksamen, doe wiene dat yn totaal 146 learlingen.

Mei elkoar ha dit jier 8.195 learlingen yn Fryslân eksamen dien: op vmbo wienen dat 4.628, op de havo 2.291 en op it vwo 1.276.

Trefwurden: 
Frysk ûnderwiis eksamen
(advertinsje)
(advertinsje)