Streepte dolfyn út haven Harns hat nei alle gedachten it paad werom fûn

08 jun 2020 - 13:59

Komst him net hiel faak tsjin, mar yn de haven fan Harns waard koartlyn in strepe dolfyn sjoen. SOS Dolfijn hold it bist yn 'e gaten om te sjen oft er it paad nei de Waadsee werom fine soe. Krekt foar it wykein waard de dolfyn spot by Koarnwertersân. Mar neffens Annemarie van den Berg hat er it paad yntusken weromfûn. "Hij is niet meer gespot de afgelopen dagen."

De dolfyn yn de haven fan Harns - Foto: Sylvia Binch-Talma

Dat in strepe dolfyn yn in haven sjoen wurdt, is opmerklik fertelt Annemarie. "Dit is heel uniek. Een dolfijn in de haven is sowieso opmerkelijk, maar de gestreepte dolfijn is helemaal bijzonder. Het is het achtste dier dat in deze eeuw is gespot. Deze dieren leven normaal in grote sociale groepen, waarbij de mannetjes regelmatig van groep wisselen. Het kan zijn dat dit dier daardoor alleen leeft, maar het kan ook gebeuren dat hij is verstoten door de groep en daardoor even geen groep heeft."

De dolfyn waard tongersdei foar it lêst sjoen. Dêrom hat Annemarie goeie hoop dat it bist it paad nei de see weromfûn hat. "Wanneer mensen denken het dier te zien, dan horen we dat graag. We kunnen hem dan helpen om naar de Noordzee te zwemmen."

Trefwurden: 
Harns dolfyn
(advertinsje)
(advertinsje)