Ien nije coronabesmetting, gjin nije stjergefallen

08 jun 2020 - 13:40

De GGD meldt moandei ien nij gefal fan besmetting mei it coronafirus. Dizze besmetting is mei in test oan it ljocht kaam. De besmetting is net yn in soarchynstelling, dêr binne sûnt de lêste sifers gjin nije gefallen oan it ljocht kaam.

Foto: Shutterstock

Der binne gjin nije stjergefallen meld. Dat sifer bliuwt stean op 68 minsken yn Fryslân. Op dit stuit lizze der noch trije minsken mei corona yn de Fryske sikehûzen.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)