Doarpsstrjitte Flylân foar in part ôfsletten: "Meer ruimte voor de terrassen"

08 jun 2020 - 13:11

De Doarpsstrjitte op Flylân wurdt fan dizze wike ôf in grut part ôfsletten foar ferkear. De gemeente docht dat om de strjitte geskikt te meitsjen foar it tal toeristen dat dizze simmer op it Waadeilân ferwachte wurdt. Dêrnjonken komt mei dizze maatregel romte foar terrassen yn de Doarpsstrjitte.

Foto: Google Streetview

De Doarpsstrjitte op it eilân wurdt foar in part ôfsletten om mear romte te meitsjen foar fuotgongers en terrassen. Dat betsjut dat der fytsestallingen komme dêr't de fytsen stean kinne. "En wat meer ruimte voor de terrassen", fertelt wethâlder Dick Visser fan gemeente Flylân. "Ook geen hele grote uitbreidingen, maar dat iedereen onder de huidige maatregelen toch uit de voeten kan."

Fuotgongerspromenade

Moarns is de strjitte noch tagonklik, mar nei tolve oere middeis net mear. Dat hat te krijen mei de befoarrieding fan de winkels en de eilanners dy't boadskippen dwaan wolle. "Vlielanders die boodschappen willen doen op de fiets of op de scootmobiel hebben ruimte om dat 's ochtends te doen. Dus dat kan allemaal voor twaalven en na twaalven maken we er een wandelpromenade van."

De wethâlder hat wol noed oer de kapasiteit op de fearboaten nei Flylân by Rederij Doeksen. "Dat is op dit moment echt nog wel een behoorlijk probleem. Het is nog steeds niet inzichtelijk wat de capaciteit voor de seizoenmaanden, juli en augustus, zijn." De gemeente hat eltse wike oerlis mei Rederij Doeksen. "Er wordt bij Doeksen hard gewerkt aan oplossingen, maar wat ons betreft wordt het hoog tijd dat dat ook inzichtelijk wordt."

Wethâlder Dick Visser fan gemeente Flylân oer de plannen mei de Doarpsstrjitte

(advertinsje)
(advertinsje)