Manifestaasje brune float fynt plak by it eilân Pampus

08 jun 2020 - 13:03

De 175 histoaryske skippen dy't tiisdei by elkoar komme om harren needgjalp hearre te litten foar finansjele stipe, sammelje by it eilân Pampus flakby Amsterdam. De skippers wolle sprekwurdlik foar Pampus lizzen gean om dúdlik te meitsjen oan it regear dat ek harren sektor keihurd rekke wurdt troch de coronakrisis. Besikers wurde oproppen om net te kommen. It doel is perfoarst net om der in happening fan te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Skipper Daan Delforterie is ien fan de skippers dy't mei syn skip De Grote Beer út Harns wei nei Pampus fart. Hy is bliid dat der einliks wer mei syn skip it wetter op kin. "Dit is wat we zo missen. Ik heb vanochtend de motor gestart na drie maanden. Dat is hartstikke pijnlijk, om naar een schip te kijken dat stilligt. We hebben het schip de afgelopen tijd opgeknapt en hadden grote plannen. Dat we nu stilliggen is pijnlijk. Zeker ook omdat we niet weten hoe we onze onderneming kunnen voortzetten. Die onzekerheid is vreselijk. We zitten in ontzettend zwaar weer."

It belooft in prachtich skouspul te wurden mei al dy histoaryske skippen by Pampus, ferwachtet Delforterie. "We willen met elkaar onze passie laten zien voor de chartervaart. Ik heb hier heel erg naar uitgekeken. We hebben de dagen echt afgeteld. We hebben vannacht weer op het schip geslapen, dat was echt heerlijk."

Skipper Daan Delforterie

(advertinsje)
(advertinsje)