Poppoadium Bolwerk yn Snits komt mei 'coronaproof' konsert

08 jun 2020 - 11:30

Poppoadium Bolwerk yn Snits organisearret op 27 juny in 'coronaproof' konsert mei de rock/metalband Anquest. It is foar it earst sûnt trije moannen dat der wer in show hâlden wurdt yn it Bolwerk. Sûnt 1 juny is it ûnder strikte betingsten wer tastien om in konsert te organisearjen foar maksimaal 30 minsken. En dat is fansels mar in hantsjefol. Op 20 juny is der, as tarieding, in testkonsert mei allinnich de meiwurkers.

Poppoadium Het Bolwerk yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

John Schut, manager fan it Bolwerk, wit dat mei ditsoarte konserten foar sa'n bytsje minsken neat te fertsjinjen is. Sels mei 100 soe dat in toer wêze. Mar neffens him kloppet it kulturele hert by it team sa hurd dat se net wachtsje kinne om wer los te gean.

As alles goed ferrint, is it de bedoeling om alle wiken in show te organisearjen. Hoe lang it Bolwerk hjir mei trochgiet as de omstannichheden net feroarje, doart Schut net te sizzen. We besjogge it fan wike ta wike, seit hy.

John Schut

(advertinsje)
(advertinsje)