Galery Van Harinxma yn Beetstersweach slút de doarren

Galery Van Harinxma yn Beetstersweach slút nei sân jier de doarren. Yn de galery ha sa'n 150 keunstners harren wurk tentoansteld hân. De galery hat dêr in soad wurken fan kocht, mar sil dy no wer ferkeapje oan it publyk.
© Galerie van Harinxma
De galery is yn it besit fan keunst fan ûnder oare Gerriet Postma, Do van Tan en Anton Heyboer. De ferkeap fan de wurken begjint kommende freed.
Snein 12 july is de lêste dei dat de galery iepen is.