Prokkelwike dit jier langer as oars fanwege coronafirus

08 jun 2020 - 09:39

De Prokkelwike set dizze moandei útein. De Prokkelwike is in wike om minsken mei en sûnder ferstanlike beheining byelkoar te bringen. Troch de coronamaatregels wurdt wurke mei in oanpast programma, dy't dit jier langer as in wike duorret. Ek dizze simmer binne der noch folop Prokkelaktiviteiten.

Foto: Omrop Fryslân

Rebekka Houwer is fan Talant, in organisaasje dy't minsken mei in ferstanlike beheining ûnderdak en soarch jout en dy't ek meidocht oan dy Prokkelwike. "We doen er alles aan om ondanks de coronacrisis de verbinding te zoeken. We doen dit jaar veel meer online. En er is iedere dag een koffietijd-uurtje om 10.00 uur. Mensen kunnen dan met elkaar praten over wat ze meemaken. We zoeken dat soort activiteiten om de verbinding te behouden."

Ferline jier wûn Talant de Gouden Prokkel, om't se mei ferskate aktiviteiten de ferbining sochten tusken minsken mei en sûnder beheining. Dat is noch altyd hurd nedich, fynt Houwer. "Je merkt dat mensen zonder beperking geen of een heel klein netwerk hebben. Met de prokkelweek proberen we dat netwerk te vergroten. We zien deze ene week als voorbeeld voor de rest van het jaar om een netwerk te bouwen tussen mensen met en zonder beperking. Dat blijft nodig."

Rebekka Houwer fan Talant oer de Prokkelwike

(advertinsje)
(advertinsje)