Brune float freget om needfûns: "Ek wy hâlde de holle net langer boppe wetter"

Sa'n sechtich histoaryske skippen út de brune float fan Harns farre moandei en tiisdei nei it eilân Pampus om dêr mei te dwaan oan de manifestaasje om mear omtinken te freegjen foar harren nuodlike situaasje. Ien fan dy skippers is Eelke Dijkstra fan it skip Elbrich. Dijkstra wol noch net sizze wêr't de manifestaasje krekt plakfine sil. "Mar wy sakje ôf nei it suden", docht er alfêst út de doeken.
Brune float freget om needfûns: "Ek wy hâlde de holle net langer boppe wetter"
Sa'n 175 histoaryske skippen dogge mei oan de manifestaasje. Doel is om sjen te litten dat ek dizze sektor troffen wurdt troch de coronamaatregels. En dat is hurd nedich, fynt Dijkstra. "Freegje minsken wat de brune float is en sa'n tachtich prosint hat gjin idee wat it is. Wy wolle ús produkt sjen litte, mar wy freegje ek om in needfûns. Dizze skippers oerlibje miskien de krisis net. Dit is wol ús kultureel erfgoed."

Fier fan normaal

Skippers fan de brune float ferfiere gasten oer it Nederlânske wetter op harren skippen. Dat leit op dit stuit hielendal stil. Dijkstra: "Minsken tinke: jim kinne dochs wer farre, dus wêr ha jim it oer. Mar in hiel soad ôfspraken binne ôfsein. Wy moatte wer nije kontrakten fêstlizze mei klanten. As minsken mei de helte fan de minsken farre wolle, mar wol deselde priis betelje wolle, dan kin it út. Mar in soad minsken wolle dat net. Dat slagget net. Wy binne noch fier fan in normale situaasje."

Min foarútsjoch

Dêrom hat de brune float heechnedich ferlet fan in needfûns. Dat moat in fûns wêze dêr't skippen jild út krije kinne om harren te behâlden foar de takomst. "Mei de finansjele stipe dy't wy no krije kinne, oerlibje wy de krisis net", foarseit Dijkstra. "Gewoanwei rint ús aginda foar takom jier no al fol. Mar der wurdt hielendal net boekt. Ek foar takom jier sjocht it der hiel min út."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Skipper Eelke Dijkstra
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Moandei farre de earste skippen nei it plak fan de manifestaasje. Dijkstra: "Wy lizze jûn yn Enkhuizen oan en dan farre we moarn wer fierder. Gewoanwei wiene wy no nei Skylge fart om minsken in moaie tiid te jaan op it wetter. Dat is in hiele belibbing, hielendal as de seilen omheech gean en de motor út. Dan rekkest yn trance."
Dijkstra wol him strang oan de regels hâlde. Dêrom farre der mar fiif minsken mei oan board.
Ferslachjouwer Johanna fart mei op de Elbrich
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman