Basisskoallen wer folslein iepen: "Mei ús allen kinne wy it skoaljier dochs noch moai ôfslute"

08 jun 2020 - 08:56

Sûnt hast trije moannen meie de basisskoallen dizze moandei wer folslein iepen. De ôfrûne moanne waard 'proefdraaid' mei heale klassen, mar fan no ôf sitte alle bern wer yn de klasse. Yn Dokkum binne se der klear foar. "Mei ús allen kinne wy it skoaljier dochs noch moai ôfslute."

Peter Braam is direkteur fan kristlike basisskoalle De Regenboog yn Dokkum. Hy is bliid dat alle learlingen wer yn 'e klasse sitte. "It ferskil mei de ôfrûne wiken is net sa grut, allinnich binne de klassen no wat foller." Dochs hat dat wol effekt op de coronamaatregels, fernimt Braam. "Mei dizze folle groepen is it hâlden fan oardel meter ôfstân tusken de dosint en de bern hast net te dwaan. Ast 25 oant 30 bern yn de klasse hast, dan kinst as master of juf eins net iens by de learlingen delrinne."

Alle learkrêften op De Regenboog meie sels witte oft se wol of net wer foar de klasse stean wolle. Braam: "Wy jouwe learkrêften sels de kar oft se wol of net les jaan wolle. Wy brûke wol spatskermen, as dosinten dat wolle. De bern wenne dêr hiel rap oan. Se jouwe al in high five tsjin it skerm oan."

Braam wie tige te sprekken oer de ôfrûne wiken, wêryn't de helte fan de bern wer yn 'e klassen siet. "Kinst echt wat ekstra tiid oan de bern besteegje. Dat wurdt mei folle klassen wer wat lestiger. Mar wy ha noch fjouwer wiken te gean, dus it is moai dat wy it skoaljier sa mei ús allen ôfslute kinne."

Net foar alle bern hat de coronakrisis negative gefolgen hân, fernimt Braam. "Der binne útsjitters, sawol nei ûnderen as nei boppen. Der binne ek bern dy't it thús hiel goed dien ha. Bern dy't troch alle rêst echt opbloeid binne. Dat is de oare kant fan it ferhaal."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Peter Braam, direkteur fan De Regenboog yn Dokkum

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Timo Jepkema is op De Burgerskoalle yn Dokkum. Dêr meie de bern wer mei syn allen op skoalle komme, mar heiten en memmen moatte by it stek stean bliuwe. Eva Sinnema is direkteur en fernimt dat alles oars as oars is. "We moeten niet vergeten dat het coronavirus er nog steeds is. We hebben gespreide pauzemomenten op drie momenten, zodat we de verspreiding zo veel mogelijk tegengaan. Kinderen mogen wel naast elkaar zitten, maar tussen leerkrachten is het wel nodig. Ook gebruiken we het digibord veel meer om op afstand instructies te geven. Maar ik ben blij dat alle kinderen er weer zijn."

De juf fan groep 4 hat der sin oan. "We proberen alles weer op orde te krijgen en iedereen een eigen plekje te geven. We gaan weer los en hopen dat het weer een beetje normaal is, zoals voorheen." Ek de bern binne wiis dat se mei harren allen wer yn 'e klasse sitte meie. "Wy mochten net mear yn de klasse sitte mei-elkoar, mar no gelokkich wol wer."

(advertinsje)
(advertinsje)