Kollum: "Jurkjesfrustraasje"

"Op Facebook krij ik sa no en dan foarstellen foar groepen dy't ik folgje kin. Dat docht Facebook op basis fan wat ik like en wêr't ik op klik. Yn 'e regel kloppet dat wol aardich, mar no mei it coronafirus liket ek Facebook it paad wat bjuster te wêzen.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Ferline wike krige ik de folgjende trije opsjes fan groepen dy't neffens it algoritme fan Facebook foar my nijsgjirrich wêze soene om te folgjen. Op ien stie de groep 'Songfestival 2021'. Op twa de groep mei de namme 'Ukelele in de klas'. En op trije 'Budget Trouwjurk'. In bysûnder trio.
Om mar ris te begjinnen mei de foarstelde groep oer it Songfestival. Ik sjoch noait nei it Eurovision Songfestival, ek al hear ik by de reinbôge-doelgroep. Ik hear gjin muzyk fan Ilse DeLange, besjoch gjin filmkes fan Duncan Laurence en hâld my al hielendal net dwaande mei it ferske fan syn opfolger mei in namme dy't net út te sprekken is. Dus bysûnder dat Facebook my dizze groep oanriedt.
Dan de twadde foarstelde groep mei de namme 'Ukelele in de klas'. Ek al sa nuver. Ik bespylje gjin ukelele. Ik stean net foar de klasse, útsein dan dy iene rampsillige dei hjir thús yn de keuken. En ik bemuoi my sa min mooglik mei it ûnderwiis. Ik ha der wol in miening oer, mar ik klik net op allerhanne berjochten fan juffen en masters.
En dan ta beslút de groep Budget Trouwjurk. Wêrom? Ik ha gjin trouplannen en as ik se hie, dan soe ik al hielendal net yn in troujurk gean. Miskien is it sels wol sa dat ik fanwege dy troujurk net trouwe wol. It liket my ferskriklik. In jurkje überhaupt is neat foar my, lit stean sa'n pompeuze troujurk. No wit ik ek wol dat ik ek gewoan yn in spikerbroek trouwe kin, mar dochs wol ik it der efkes oer ha.
In pear jier lyn waard ik útnûge foar in feestje dêr't de dresscode 'Tenue de Ville' wie. Ik hie der noch nea fan heard, dus moast it earst opsykje. Tenue de Ville is dat froulju 'luchtig gekleed' gean, yn - jawol - in jurkje. Noch in foarbyld. Dit jier bestiet ús fanfarekorps fyftich jier en soe it tema 'Gala' wurde en moasten de froulju yn - jawis - in galajurk komme. In brulloft mei as tema 'Glamour'? Ja hear, froulju graach yn in jurkje.
En dan komt it, want froulju moatte ek noch yn in bepaald type jurkje komme. Swart, kleurich, wol of net oer de knibbels. Wat in gedoch. En o wee ast op twa feestjes itselde jurkje oan hast. Der wurdt kritysk nei elk famke sjoen hokker jurkje se oan hat. Oft de skuon der wol moai by stean. Oft it net te lang is. Of just te koart. En fansels op in brulloft oft se net moaier is as de breid. Want dat is hielendal 'not done'.
Mannen ha it wat dat betreft in stik makliker. Dy ha ien kreas pak yn de kast hingjen, dat se oeral oan ha kinne. Hearst ek noait ien flústerjen op in brulloft dat in man by de foarige brulloft dat pak ek al oan hie. Sterker noch: mannen lûke harren eigen troupak sûnder blikken of blozen wer oan foar de brulloft fan in freon.
Jim begripe yntusken myn frustraasje wol oer it ferplicht stellen fan in jurkje. Ik fyn it anno 2020 âlderwetsk om soks yn in dresscode te ferplichtsjen. Ik ha foar mysels it beslút naam dat ik soksoart feestjes mei in dresscode tenei skip. Lit my lekker sels beslisse wat ik oan dwaan wol. Sa't prins Claus yn 1998 syn strik ôfsmiet, sa smyt ik myn jurkje út. No ja, as ik der ien ha soe dan."