Kommisje Remkes komt mei stikstofadvys: "It wurdt in spannende middei foar soad sektoaren"

Moandeitemiddei om 14.00 oere presintearret it Adviescollege Stikstofproblematiek, better bekend as de kommisje Remkes, yn Den Haag it einrapport. It advyskolleezje ûnder lieding fan boargemaster Johan Remkes, jout advys oer it Programma Aanpak Stikstof. Dy advizen kinne grutte gefolgen hawwe foar de lânbousektor, de bousektor, mar ek foar de yndustry, de skipfeart en it fleanferkear, seit ferslachjouwer Gerrit de Boer. "It wurdt in spannende middei foar in soad bedriuwen en sektoaren."
© ANP Foto
Troch de útbraak fan it coronafirus wie der efkes minder omtinken foar de stikstofkwestje, mar efter de skermen gong de advyskommisje fan Johan Remkes gewoan troch mei it ûndersyk nei de maatregels dy't naam wurde moatte om de stikstofútsjit yn de takomst nei ûnderen te krijen. It earste diel fan de oanbefellings waard ein ferline jier al oan minister Carola Schouten fan Lânbou oanbean. No folget dus it einadvys.

Probleem

Ferslachjouwer Gerrit de Boer leit út wat krekt it probleem is. "It wichtichste is dat der te folle stikstof is. Kwetsbere natoergebieten ha dêr lest fan. Dy gean kapot, om't der yn stee fan seldsume planten dan bygelyks brannettels en struken groeie. Dêrom moat de stikstofútstjit nei ûnderen. Dat is yn it koartsein de kwestje dy't spilet."

Bou- en lânbousektor

Earder al waarden der maatregels oankundige fanwege it skrassen fan de PAS, it Programma Aanpak Stikstof. Dat wie it Nederlânske programma om de stikstofútstjit te behearskjen. It Europeeske Hôf sette dêr ferline jier in dikke streek troch omdat it net foldwaande is. It kabinet moast doe maatregels nimme om de útstjit nei ûnderen te krijen en dy ha benammen gefolgen foar de lânbou- en de bousektor. Sa waarden projekten yn de bou stillein.
Gerrit de Boer: "De bousektor stjit mar in hiel lyts stikje fan de stikstof út. Neffens ûndersyk fan it RIVM komt in grut part fan de stikstofútstjit út de lânbou wei. Dêrtroch ûntstie der in hiele striid. Foaral troch útspraken fan in D66-keamerlid, dat de lânbousektor mei de helte ynkrimpe moast, gongen de boeren massaal de strjitte op mei harren trekkers om dêr tsjin te protestearjen. It kabinet kaam in pear wiken lyn mei allerhanne maatregels yn in pakket fan fiif miljard euro oant 2030. Sa'n 3 miljard is bedoeld om de natoer te beskermjen. En de oare twa miljard giet nei de lânbou, ûnder oaren om boeren op frijwillige basis út te keapjen en nei subsydzje foar modernere miljeufreonliker stâlen."

Hurdere maatregels

Gerrit de Boer ferwachtet dat de kommisje Remkes moandeitemiddei mei fierdergeande maatregels komt. "It wurdt in hiel spannende middei. It kin op alle flakken gefolgen ha, foar de lânbou, de bou, de yndustry, mar ek foar it skipfeartferkear en de fleantúchyndustry. Wat de foarstellen wêze sille, witte wy noch net. Dat moatte wy ôfwachtsje."
It giet om foarstellen, net om binend advys. Dochs binne it wol advizen dy't troch it regear serieus naam wurde sille, ferwachtet Gerrit de Boer. "As wy mei foarstellen komme, wêrfan't it Europeeske Hôf seit, dat liket nergens nei, dan binne wy werom by ôf."
Gerrit de Boer oer de kommisje Remkes