Foar it earst wer besikers by tsjerketsjinsten

Foar it earst sûnt de útbraak fan it coronafirus mochten minsken snein wer nei tsjerke. Maksimaal tritich minsken mochten nei binnen en moasten harren oan strange regels hâlde. Sa mocht der bygelyks net songen wurde en moasten der yn tsjerke genôch feilichheidsmaatregels nommen wêze. Foar in soad tsjerken wie dat oanlieding om no noch net los te gean, en fêst te hâlden oan online tsjinsten.
Foar it earst wer besikers by tsjerketsjinsten
"Het aantal kerken dat in Friesland open is gegaan vandaag, is bijna op de vingers van één hand te tellen", seit predikant Wim Beekman fan de protestantske tsjerke yn Fryslân. "Het is voor veel kerken moeilijk om nu open te gaan, want er moet zoveel geregeld worden en dan mag je nog maar maximaal dertig mensen binnen hebben. Dan wachten ze liever tot 1 juli, want dan mogen er honderd mensen naar binnen."

Martinitsjerke

Ien fan de tsjerken dy't wol wer iepen gie, wie de Martinitsjerke yn Boalsert. In lytse tweintich minsken kamen op de tsjinst ôf. Der hiene dus noch mear minsken komme kinnen, mar dat dat net barde, fernuveret Beekman net. "Mensen willen niet het risico lopen dat ze weer naar huis moeten, omdat er te veel mensen komen. Dan blijven ze liever thuis."
Ek al binne der mar in pear minsken, predikante Marieke Ariesen-Holwerda wie der wiis mei. "Ik bin bliid dat ik wer wat gesichten sjoch. Foar de kamera wurke ek wol en we hiene in hiel goed team wêrmei't we it yn gong setten, mar echte minsken yn 'e tsjerke is dochs oars."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ek de besikers binne bliid dat se wer nei binnen meie. Hinke Pruiksma: "Ik fyn it hiel bysûnder. Hoewol't de online tsjinsten ek goed wiene, docht dit je gewoan mear. Om de oare minsken wer te sjen, de dûmny te sjen en it oargel wer te hearren: dat is hiel noflik."

Net meisjonge

Der is lykwols ek in dúdlik neidiel, sa fynt Pruiksma. Je meie nammentlik neffens de coronaregels net meisjonge yn tsjerke. "Ik fyn dat echt hiel dreech. Ik haw dan ek stikem wol wat meimompele, mar haw de mûle ticht hâlden."
It net meisjongen kinne, is neffens Beekman ek in wichtige reden foar minsken om thús te bliuwen. "Thuis kunnen mensen natuurlijk wel meezingen en voor ons protestanten is dat zingen toch een belangrijk onderdeel van de beleving. En dus kiezen mensen dan toch voor de livestream."
Foar it earst wer besikers by tsjerketsjinsten 2
De livestreams fan tsjerken binne wakker populêr. It liket der sels op dat der no mear minsken online sjogge as dat der oars nei tsjerke komme soene. En dat is posityf, sa fynt Beekman. Ek al is der in kâns dat der minsken binne dy't de online tsjinsten sa noflik fine, dat se net mear nei tsjerke komme sille. "Maar daar staat dan weer tegenover dat mensen die al heel lang niet meer in de kerk kwamen, nu misschien overwegen om terug te komen."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga