Friezinne yn New York: "De ein fan de protesten is noch net yn sicht"

07 jun 2020 - 18:20

Rasisme hâldt de wrâld bot dwaande op dit stuit. Wat begûn yn Amearika nei de dea fan de swarte Amerikaan George Floyd giet no oer de hiele wrâld. Floyd stikte neidat in wite plysjeman him njoggen minuten lang in knibbel op 'e kiel sette. Ek yn Ljouwert wurdt kommend wykein demonstrearre tsjin rasisme. Mar nearne is it protest sa grut as yn 'e Feriene Steaten.

Foto: Lizabeth Dijkstra

Yn New York wennet Lizabeth Dijkstra. Se komt oarspronklik fan Hitsum, mar wennet al fjouwer jier yn 'the Big Apple'. Se promovearret yn de filosofy op it ûnderwerp morele ferantwurdlikheid fan de minske yn relaasje mei keunstmjittige yntelliginsje. Se folget de protesten yn har stêd en de rest fan it lân bot en praat mei freonen en kunde in soad oer hoe't se wat dwaan kinne tsjin rasisme yn it lân.

Fan de protesten sels makket Lizabeth net safolle mei. Dy binne net in soad yn de buert Brooklyn, dêr't se wennet. Mar se binne enoarm grut en neffens har hâldt it foarearst ek net op. "Alle dagen binne der tsientûzenen minsken dy't hjir de strjitte op geane en de ein is noch net yn sicht", sa seit se. De skaal fan de protesten is neffens har histoarysk. Herfoarmingen sille it feroarje moatte en as dat net bart, dan sil der geweld by sjen komme, sa is har ferwachting.

Grut probleem

Rasisme is neffens har in grut probleem yn Amearika. It coronafirus bygelyks, hat ûnder de net-wite befolking folle mear slachtoffers makke. Ek ekonomysk hawwe swarte Amerikanen it folle dreger en se krije minder kânsen. De statistiken jouwe oan dat swarte en donkere Amerikanen folle mear yn finzenissen sitte. Se hawwe ek folle minder tagong ta de soarch.

De ûngelikense behanneling leit oan de oerflakte. Neffens har binne der wol parallellen mei Europa dêryn. It is neffens har dúdlik dat we kritysk nei ússels sjen moatte oer dit ûnderwerp. It giet neffens har net om de direkte diskriminaasje, mar om de patroanen yn de maatskippij. Minsken wurde eftersteld bûten harren eigen skuld om.

Foto: Lizabeth Dijkstra

Hoe't de ûntwikkelingen ôfrinne sille, dêr hat Lizabeth noch gjin idee fan. It kin twa kanten op. De iene mooglikheid is dat der ynbûn wurdt troch it regear. Dat soe dan betsjutte moatte dat der bygelyks herfoarmingen komme yn it plysje-apparaat. Neffens har is de plysje hast in militêre organisaasje dy't in hiel soad macht hat. Der soe folle mear iepenbierheid komme moatte oer de misstannen fan it plysjegeweld.

Noch gjin feroaringen

Mar it rasisme sels, dat is net op koarte termyn op te lossen, sa seit se. "Der sil folle mear harke wurde moatte nei de minsken dy't diskriminearre wurde. Dy sil serieus nommen wurde moatte." Oft dat ek barre sil, wit Lizabeth Dijkstra net. Rasisme is no yn alle gefallen in ûnderwerp dêr't oer praat wurdt, mar mei presidint Trump oan 'e macht liket it der noch net op dat saken feroarje sille. It wachtsjen is op ferkiezingen. It is spannend hoe't dat ôfrinne sil. Dêr falt noch net it measte oer te sizzen.

Lizabeth Dijkstra yn New York

Oardel meter ôfstân hâlde by demonstraasjes is yn Amearika net it grutste 'issue'. Dêr't yn Nederlân fûl reagearre wurdt op de Amsterdamske demonstraasje en it feit dat der tefolle minsken wiene dy't te min ôfstân hâlden, is dêr yn Amearika neffens Lizabeth folle minder omtinken foar. Dat komt neffens harren trochdat yn de Feriene Steaten it demonstraasjerjocht ta de fundaminten fan de mienskip heart. Dat rjocht giet boppe alles.

"De soargen binne der wol, mar ik tink net dat minsken en politisy útsprekke sille dat der net demonstrearre wurde mei fanwegen corona", sa seit se. De situaasje yn New York is op coronamêd ek better as in pear wiken lyn. Der binne minder besmettingen en deaden.

Foto: Lizabeth Dijkstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)