Frjentsjer krijt mear terrasromte yn de binnenstêd

07 jun 2020 - 13:09

Frjentsjer krijt fan it simmer mear terrasromte yn de binnenstêd. Op dit stuit leit der in foarstel foar tydlike útwreiding oer de grêften oant 1 oktober. Dat is de wichtichste útkomst fan in petear tusken de gemeente Waadhoeke en de bewenners fan de binnenstêd, de Ondernemersvereniging Franker en 'Vrienden van de stad Franeker'.

Foto: Google Street View

It plan is om, sawol op 'e hichte fan it Planetarium as oer de grêft oan it Noard, ekstra romte foar tafels en stuollen te kreëarjen. Ek wurdt sjoen oft in oantal parkearplakken oan de Groenmarkt en de Zilverstrjitte tydlik troch de hoareka brûkt wurde kin.

De terrasútwreiding is ta stipe fan de hoareka-ûndernimmers, dy't swier troffen binne troch de coronakrisis. It giet foarearst om in tydlike oplossing. Ein oktober of begjin novimber wurdt de terrasútwreiding troch de belutsen partijen evaluearre.

Konstruktyf oerlis

De gemeente, bewenners fan de binnenstêd, de ûndernimmersferiening en 'Vrienden van de stad Franeker' wolle tegearre meitinke oer de takomst fan it Frjentsjerter sintrum. Wethâlder Caroline de Pee: "Meer specifiek: welke rol kan de horeca daarin spelen? Dat is een langetermijnvisie, waarover we op een later moment met elkaar in gesprek gaan."

De wethâlder is boppe-al bliid mei it konstruktive oerlis tusken de belutsen partijen. "We hebben respect voor elkaars situatie", beslút De Pee. "Deze tijden vragen om creatieve oplossingen. Ik ben blij dat we daarin zijn geslaagd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)