Auto yn 'e brân stutsen yn Ljouwert; plysje siket tsjûgen

07 jun 2020 - 11:48

De brânwacht fan Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein útriden foar in autobrân oan de Wijnhornsterstrjitte yn Ljouwert. In parkearre auto stie fol mei reek. De brân wie lykwols út himsels al smoard, wêrnei't de brânwacht allinnich in neikontrôle útfierd hat.

Foto: ProNews

De brân yn de auto is nei alle gedachten oanstutsen, sa melde de plysje en de eigener fan de wein. Neffens omstanners wie it rubber fan it rút oan de binnenkant loshelle, wêrnei't it rút in lyts stikje nei ûnder ta sakke wie. Yn de auto soe in flinke benzinelucht hongen hawwe.

De eigener ropt op sosjale media op oft der minsken binne dy't mooglik wat sjoen hawwe. Minsken dy't mear witte fan it ynsidint wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje. De eigener fan de auto looft in beleanning út foar de tip dy't nei de dieder liedt. Wêrom't de auto yn 'e brân stutsen is, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)