Kening Willem-Alexander keapet Frysk jacht fan twa miljoen

Kening Willem-Alexander hat sûnt dit foarjier in nij motorjacht. It giet om in Wajer 55 fan it boatebouwer Wajer Yachts út it Fryske Heech. Dat meldt Shownieuws. De boat soe sa'n twa miljoen euro wurdich wêze.
Wajer Yachts yn Heech © Google Street View
De kening soe de Wajer 55 oanskaft hawwe foar by syn fakânsjehûs yn Grikelân. Syn foarige boat, ek in Wajer, liket er ferkocht te hawwen.
It nije jacht fan de kening is 16 meter lang. It is ien fan de grutste en meast lúksueuze modellen fan Wajer Yachts. De foarige Wajer fan de kening is goed 11 meter lang. Ek is it motorjacht flink djoerder as de foarige. De Wajer 38 koste de kening likernôch 800.000 euro. Foar syn nije fehikel moast hy sa'n twa miljoen euro betelje.
It jacht is foarsjoen fan in soad technyske snufkes, lykas in elektrysk cabriodak en hat fjouwer sliepplakken, in keuken en in baaikeamer.