Jouster goudsmid makket spesjale corona-sieraden

06 jun 2020 - 21:23

Hy moast der wol efkes oer neitinke doe't hy it bysûndere fersyk krige. Watze van der Wal fan De Jouwer is goudsmid en krige yn maart in e-mail fan in klant mei de fraach om in spesjaal corona-sieraad te meitsjen. No, mear as twa moannen fierder, binne se klear: corona-mansjetknopen en in corona-hingerke.

Foto: Johan Brouwer

Hast elkenien sil de foarm fan it coronafirus sa stadichoan wolris foarby kommen sjoen ha. It boltsje, mei hast ûntelbere útsteksels, foarme in grutte útdaging foar Van der Wal. Want hoe meitsje je dêr no in stevich sieraad fan?

Mear as 180 ûnderdielen

"De foarm hie ik fansels alris foarby kommen sjoen. It is in moaie foarm om wat mei te dwaan, mar der hat in hiel soad wurk yn sitten. Op elke bol sitte al sa'n fyftich tentakels, en yn totaal wiene it mear as 180 ûnderdielen. Ik haw der in pear wiken mei dwaande west", neffens de goudsmid.

Uteinlik binne it twa mansjetknopen wurden en hat hy ek in corona-hingerke makke. Foar de sieraden is fjirtjin karaats wyt- en readgoud brûkt. Bysûnder oan de mansjetknopen is dat se perfekt yn elkoar passe, as de eigener se net oan hat.

"Hy wie der hiel wiis mei", neffens Van der Wal. "De klant fûn it moaier as er ferwachte hie, en dat is in moai komplimint."

Watze van der Wal fan De Jouwer

(advertinsje)
(advertinsje)