Measte frijwilligers Kazemattenmuseum bliuwe thús

06 jun 2020 - 20:57

It Kazemattenmuseum op de Ofslútdyk is foar it grutste part fan de tiid noch gewoan ticht. It museum is yn de hiele moanne juny mar trije dagen yn 'e wike iepen fanwegen it coronafirus. Dat hat alles te krijen mei de ynsetberens fan de frijwilligers fan it museum. Goed twa tredde part fan de frijwilligers sit thús, om't se yn de risikogroep falle.

In grut part fan de frijwilligers is boppe de santich jier en wakker entûsjast. Mar neffens it museum is it gewoanwei net ferstannich om se yn te setten. "De vrijwilligers willen wel heel graag aan de slag. Maar we raden het ze gewoon af. We willen geen enkel risico nemen", sa seit frijwilligerskoördinator Henri Meijering.

Yn de praktyk betsjut dat dat der sa'n 25 frijwilligers ynsetten wurde kinne om besikers op te fangen. Mei dy besetting slagget it it museum net om de gewoane iepeningsdagen oan te hâlden.

Oars ynset op rekôrtal besikers

Op freed wie it museum foar it earst wer iepen. Ferspraat oer de hiele dei kamen der tritich minsken nei de kazematten. It ferskil mei in jier ferlyn is enoarm. Foarsitter Ruurd Gaastra: "Ferline jier hiene we begjin juny sa'n 6.000 minsken oer de flier hân. No stie de teller freedtemoarn noch op nul." Ekstra soer is neffens Gaastra dat se eins ynset hiene op in rekôrtal besikers dit jier.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"It is dit jier 75 jier befrijing. We hiene rekkene op in soad ekstra besikers dêrtroch. En dat like ek goed, want yn maaie hiene we allinnich al oan skoalbesiten mear as 3.000 ynpland stean." Mar al dy besiten binne troch it coronafirus net trochgien. Gaastra hie hope dat der dit jier sa'n 20.000 minsken nei it museum komme soene, mar is no al bliid as der 10.000 komme.

Ekstra kosten

It museum ferliest flink wat ynkomsten. En der stean ekstra kosten tsjinoer. Sa hat it museum goed 5.000 euro ynvestearje moatten foar alle coronamaatregels. Sa binne der rinrûten oanbrocht op de paden en yn de Kazematten. Ek is it besikerssintrum folslein opnij ynrjochte om minder minsken tagelyk binnen te krijen. Derneist steane rûnom punten om de hannen skjin te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It museum lit elk heal oere tsien minsken tagelyk binnen. Dy moatte harren yn it foar digitaal oanmelde. Sa wolle se de kontrôle hâlde op it tal minsken dat tagelyk de rûte tusken de Kazematten rint.

"It komt op in hiel ferfelend momint", sa seit foarsitter Gaastra. "We sitte yn in proses fan profesjonalisearring en dêrby hiene we rekken hâlden mei in groei fan it tal besikers. No't dat fuortfalt witte we net krekt wat de takomst ús bringt."

(advertinsje)
(advertinsje)