UPDATE: Deade stekpartij Mûnein is 43-jierrige man fan Almere

07 jun 2020 - 09:21

By in stekpartij yn Mûnein is sneontejûn in man om it libben kommen. It giet om in 43-jierrige man fan Almere, meldt de plysje. In oare man fan 38 jier út de gemeente Tytsjerksteradiel rekke swierferwûne en is nei it sikehûs brocht. De plysje hat in fertochte (27) oanhâlden, dy't ek út de gemeente komt.

Foto: De Vries Media

It ynsidint hie plak yn in wenning oan de Mounewei yn it doarp. De helptsjinsten rieden manmachtich út. Meardere plysje-auto's, ambulânsen en ek de traumahelikopter waarden oproppen, mar de help foar de man fan Almere mocht net mear baatsje. Hy ferstoar oan syn ferwûnings.

In 38-jierrige man fan de gemeente Tytsjerksteradiel rekke swierferwûne by it ynsidint. Hy is, ûnder begelieding fan in dokter fan it mobyl medysk team, nei it sikehûs brocht. De plyjse koe by oankomst fuortendaalks in 27-jierrige man út Tytsjerksteradiel as fertochte oanhâlde.

Wat de oanlieding wie fan de stekpartij is noch net dúdlik.

Resjerzje-ûndersyk

De resjerzje docht ûndersyk nei de eksakte tadracht fan it ynsidint. Sa is der sneontejûn wiidweidich buertûndersyk dien, hat it team forinsyske opspoaring de wente en de omjouwing ûndersocht en heart de resjerzje tsjûgen en de fertochte.

De plysje komt graach yn kontakt mei minsken dy't wat opfallends sjoen hawwe op sneontejûn 6 juny om 17.00 oere hinne oan de Mounewei yn Mûnein of oare relevante ynformaasje hawwe. Sy kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844 of anonym fia 0800-7000.

Trefwurden: 
plysje stekpartij Mûnein
(advertinsje)
(advertinsje)