Trije oanhâldingen op De Jouwer nei fynst hard- en softdrugs

De plysje hat freed in grutte partij hard- en softdrugs oantroffen yn in auto op De Jouwer. De plysje seach in fertochte auto mei trije persoanen deryn. Der waard nei kontrôle in grutte partij hard- en softdrugs oantroffen.
© Plysje De Fryske Marren
De trije minsken yn de auto binne oanhâlden op fertinking fan drugshannel. It giet om in 30-jierrige man en in 22-jierrige frou út Súdwest-Fryslân, en in 18-jierrige man út De Fryske Marren.
Ek de wenten fan de fertochten binne ûndersocht op de oanwêzichheid fan drugs. Dat ûndersyk rint noch. De fertochten sitte fêst.