Black Lives Matter-tsjindemonstraasje yn Ljouwert giet net mear troch

In oankundige demonstraasje yn reaksje op it Black Lives Matters-protest yn Ljouwert giet net mear troch. Dat hat organisator Sander Slijver bekend makke.
© ANP
Slijver seit syn demonstraasje fanwegen de feilichheid en bedrigingen no ôf te sizzen. "Mijn beweegreden was om een dialoog te creëren en niet om nog meer verdeeldheid te creëren en die kant gaat het nu helaas wel op", sa skriuwt hy op Facebook.

Black Lives Matter

De tsjindemonstraasje soe tagelyk plak fine mei de Black Lives Matter-demonstraasje. Direkte oanlieding dêrfan wie de dea fan George Floyd, dy't twa wiken lyn troch plysjegeweld om it libben kaam yn Amearika. Dat hat laat ta Black Lives Matter-protesten oer de hiele wrâld.
Der is no foar Ljouwert keazen, om't rasisme noch altyd in gefoelich ûnderwerp is yn Fryslân, seit Fabiola Sensi fan de organisaasje. Se kin noch net ynskatte hoefolle minsken op de demonstraasje ôfkomme sille.