Wrâldkampioen taiboksen iepenet boksskoalle yn tsjerke Frjentsjer

06 jun 2020 - 16:22

Troch de coronakrisis kaam der wat fertraging yn, mar 1 july sil it barre. Dan iepenet wrâldkampioen taiboksen Marloes Merza har boksskoalle yn de eardere Betheltsjerke yn Frjentsjer.

Foto: Gian Carlo Corba

"We zijn al een aantal weken aan het verbouwen. We hebben een pand helemaal uit de sloppen gehaald en opgeknapt, daar zijn we dag en nacht mee bezig geweest. En toen kwam corona, dus toen werd alles ineens stilgezet, maar nu mogen we", fertelt Merza. Der is al in soad animo. "Mensen zijn super fanatiek, er is echt heel veel vraag naar."

Merza hopet dat har boksskoalle benammen in plak wurdt dêr't minsken har thúsfiele kinne. "Vechtsport is iets sociaals. Het moet een plek worden waar mensen graag komen, waar mensen zich welkom voelen, waar je werkt aan je gezondheid. Lichamelijk, maar ook geestelijk."

Fan kickbokse nei taibokse

Merza die in skoft oan kickboksen, mar wie dêr net hielendal tefreden mei. "Ik heb het heel lang gedaan, maar de mentaliteit en de wedstrijden trokken mij niet."

Ik heb flink wat klappen en ellebogen gehad, en ik ben in het ziekenhuis geëindigd. Toen dacht ik: dit is het, dit wil ik.

Marloes Merza

Sy gie nei Tailân en stapte de ring yn om it taiboksen te besykjen. "Ik dacht, ik ben een hele goede kickbokser, dat kan ik wel. Maar toen heb ik flink wat klappen en ellebogen gehad, en ben ik in het ziekenhuis geëindigd."

Dat wie foar har lykwols de reden om troch te gean yn de sport. "Ik dacht: dit is het, dit wil ik." Se krige in kontrakt oanbean yn Tailân en ferhuze dêrhinne. In jier letter waard se al wrâldkampioen. Sy waard dêrtroch ek ferneamd yn Tailân, dêr't de sport hiel grut is. "Het is een volkssport, zoals wij voetbal beleven."

Marloes Merza oer har boksskoalle

(advertinsje)
(advertinsje)