Omrop TIP: Ik bin PRO - Flaters meitsje mei net
Yn de searje 'Ik bin PRO' folge presintator Raynaud Ritsma in jier lang bern yn it praktykûnderwiis. De Fryslân DOK 'Ik bin PRO - Flaters meitsje mei net' is in ferfolch dêrop. Yn de dokumintêre in krityske blik op hoe't Nederlân omgiet mei bern, dy't ûnder de noarm prestearje.
Dosint Jos Sleurink fan praktykskoalle De Compagnie op It Hearrenfean fynt dat it hjoeddeiske ûnderwiissysteem net oanslút op wat jongeren nedich hawwe om te groeien yn wa't se binne en wat se dogge. Neffens him wurde guon bern troch it systeem earder beskeadige as holpen.
Dizze bern streame fan de basisskoalle nei it praktykûnderwiis. Bern dy't ûnder de noarm prestearje en dêrtroch in min selsbyld ûntwikkele hawwe. Sleurink: "Al jarenlang hebben ze het gevoel niet te voldoen. Ze worden afgerekend op hun fouten en de dingen die niet lukken. Dat doet pijn."
It falt ek dosint Mirjam Bergsma op dat bern yn it praktykûnderwiis faak negatyf oer harsels tinke. "Ik fyn dat soms wol soarchlik. Se sizze: 'Dat kan ik toch niet' en gean dan yn de wjerstân. It is lestich om te falen, want dan wurdt wer befêstige dat se it net kinne. Wylst as se it dogge, en it giet goed, dan sjogge jo dat se groeie. Dus dy suksesûnderfining is echt belangryk foar harren."
Raynaud freget yn de dokumintêre oan Mirjam hoe'tst as dosint dan omgean moatst mei bern dy't in negatyf selsbyld hawwe. Mirjam: 'Posityf coache. Beneame wat se goed dogge. In learling docht altyd wat goed en elkenien hat syn eigen ferhaal.'
Yn it praktykûnderwiis slagget it om bern in feilige learomjouwing te jaan, dêr't se opbloeie en har maksimaal ûntwikkelje. Jos Sleurink socht nei it ûnderlizzend probleem fan it ûnderwiissysteem en ferdjippe him yn in oare oanpak: it 'mediërend' leare. Regisseur Murk-Jaep van der Schaaf, dy't de searje 'Ik bin PRO' makke en ek tekenet foar dizze Fryslân DOK, dûkt mei Jos Sleurink yn de teory efter de ûnderwiismetoade.
De Fryslân DOK 'Ik bin PRO - Flaters meitsje mei net' wurdt sneon 6 juny útstjoerd op NPO2 om 15.30 oere (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 7 juny 13.10 oere). Ek op snein 7 juny is de dokumintêre te sjen by Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren).