Oardel miljard foar iepenbier ferfier is net foldwaande: "Net genôch om de kosten te dekken"

06 jun 2020 - 18:11

Direkteur Anne Hettinga fan bus- en treinferfierder Arriva is ynnaam mei de oardel miljard dy't steatssekretaris Van Veldhoven fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de ein fan dit jier útlûkt foar it iepenbier ferfier. De bydrage yn de kosten is hurd nedich no't de besetting fan it iepenbier ferfier troch de coronakrisis fier efter bliuwt. Neffens Hettinga is it lykwols noch net genôch.

Hoewol't der dus oardel miljard beskikber komt, is dat neffens Hettinga net foldwaande. "It is net genôch om de kosten te dekken, sels. Dus wy hiene graach wat mear hân, mar wy moatte it ek akseptearje."

Ek yn 2021 noch help nedich

De bydrage fan it Ryk jildt foarearst oant de ein fan it jier, mar Hettinga ferwachtet ek dêrnei noch help nedich te hawwen. "Ik bin bang dat it lang net genôch is, op de ein fan it jier binne wy echt noch net werom op it tal reizgers dat wy wend binne en wat foar ús in tal reizgers is dêr't wy fan libje kinne."

"Wy sille mei it kabinet oan de slach moatte foar de perioade nei dit jier", seit Hettinga. "Dat kin fierdere kompensaasje wêze, mar ek oare maatregels. It soe bygelyks mooglik wêze moatte yn dizze oermachtssitewaasje de kontrakten iepen te brekken en nije betingsten ôf te praten."

Anne Hettinga, direkteur fan Arriva

(advertinsje)
(advertinsje)