Steuring yn brêge Spannenburch ferholpen; ferkear kin der wer del

De steuring yn de brêge by Spannenburch oer it Prinses Margrietkanaal is ferholpen. De brêge stie sneontemiddei in skoft omheech nei in needstop en woe net mear ticht.
De brêge doe't er yn steuring wie © Provinsje Fryslân
Oarsaak fan de needstop wie dat in syljacht dochs noch besocht ûnder de brêge troch te farren, wylst dy al tichtgie om't der in ambulânse del moast. Oan beide kanten fan de brêge stie in file.