Nije haadredakteur De Moanne Amarins Geveke: 'Wy moatte minsken ferliede it blêd te lêzen'

06 jun 2020 - 12:52

De Moanne moat minsken ferliede om it blêd te lêzen en it Frysk te brûken. Dat seit Amarins Geveke, de nije haadredakteur fan it Fryske tydskrift. Neffens de direkteur fan de Folkshegeskoalle kin dat troch relevanter te wurden, mar ek troch der wat mear 'lucht' yn te bringen.

Amarins Geveke - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"As de ynhâld der mar ta docht. As wy wat moais meitsje, mei in goede ynhâld en dan yn it Frysk, ferliedt dat minsken om it Frysk mear te brûken", seit Geveke.

Geveke moat as haadredakteur foaral minsken entûsjast meitsje oer De Moanne, fertelt se. "Wêr't ik hiel goed yn bin, is it oerbringen fan myn entûsjasme en ik moat minsken wer safier krije dat sy De Moanne lêze wolle. Dat is myn taak."

'Tal abonnees moat omheech'

Neffens Geveke sil it tal abonnees fan De Moanne heger wurde moatte. "Fansels sille it noait hiele grutte oantallen wurde dy't ús lêze, mar it tal abonnees, dat no sa'n 1.100 is, moat wol omheech. We moatte as redaksje by in nij nûmer entûsjast roppe kinne dat we der grutsk op binne dat it wer slagge is der wat bysûnders fan te meitsjen", seit Geveke. "Wat ik noflik fine soe, is dat as je it blêd krije, je direkt tinke: ik helje it út it plestik."

It hiele petear mei Amarins Geveke is snein te hearren yn Buro de Vries.

Ferslachjouwer René Koster yn petear mei Amarins Geveke

(advertinsje)
(advertinsje)