Nachtwacht 360 komt nei Nes: "Wy ha in primeur"

06 jun 2020 - 11:10

It ferneamde Nachtwacht 360-projekt komt nei Nes yn Noardeast-Fryslân. Kultuerûndernimmer Anke Bijlsma is deryn slagge om de unike útstalling mei fotopanielen fan oktober oant desimber fêst te lizzen foar de Teätertsjerke yn it doarp.

De Nachtwacht - Foto: Shutterstock

"No't der hjir gjin foarstellings holden wurde kinne, moatte je sjen wat der wol mooglik is", fertelt Bijlsma. Yn it Nachtwacht-360 projekt is it hiele skilderij fan Rembrandt 'neispile' troch minsken fan no, dy't in soad lykje op de minsken op it skilderij.

Nei't se yn de selde kostúms oanklaaid waarden, binne se fan alle kanten fotografearre. It resultaat is net allinnich in sabeare Nachtwacht, mar it smiet ek in hiele rige yndividuele portretten op. Njonken de fotopanielen sille ek de kostúms te sjen wêze.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Dat it projekt yn Nes komt, is bysûnder, seit Bijlsma. "Nei de Teätertsjerke Nes giet it nei Tokio en it Rembrandthûs, dus wy ha in primeur."

Pylgertochten

Op basis fan in skets fan Rembrandt, wurket keunstner Gerrit Breteler op dit stuit ek noch oan in skilderij, dat oan de tentoanstelling taheakke wurdt. Om de útstalling hinne wurde ek noch oare aktiviteiten opset, lykas in tal nachtlike pylgertochten fan de Dokkumer Bonifatiuskapel nei Nes ta.

Anke Bijlsma oer De Nachtwacht yn Nes

(Advertinsje)
(Advertinsje)