SKS: Dit jier gjin kampioenskip, mar wol in jubileumbokaal

14 jun 2020 - 19:20

It SKS-kampioenskip is dit jier fan de baan fanwege it coronafirus, mar der wurdt yn septimber wol in wykein lang skûtsjesyld om de jubileumbokaal. De wedstriden wurde dan syld op it wetter by Langwar. Dat sil barre yn it jubileumwykein fan 11, 12 en 13 septimber. Dat is de útkomst fan it oerlis dat it SKS-bestjoer hie mei de 14 skippers yn Wâldsein.

Dit jier hie in bysûnder jier wurde moatten: de SKS fiert dit jier nammentlik syn 75-jierrich bestean. "Der wurdt spitigernôch net syld om it Sulveren Skûtsje", ljochtet SKS-foarsitter René Nagelhout it beslút ta. "Wy fine dat it kampioenskip echt by simmer yn Fryslân heart. Dêr heart publyk by, dêr heart feest by." Dat sit der de kommende tiid lykwols net yn yn ferbân mei de coronamaatregels.

"Mar der komt wol in jubileumwykein dêr't we in oantal wedstriden yn sile." Doel is om fjouwer wedstriden te plannen yn twa dagen en dat moat heve yn it twadde wykein fan septimber.

De skûtsjesilers wachtsje no noch op grien ljocht om te trainen. "Minsken boppe de 18 jier meie op dit stuit net mei elkoar op in skip sitte. Traine wurdt dan lestich. De kâns dat wy foar 1 septimber al sile kinne mei in folsleine bemanning, is op dit stuit net hiel grut. We folgje de ûntwikkelings en wat der kommunisearre wurdt út de NOC*NSF, it Wettersportferbûn en it RIVM wei. Sadree't der ek mar in bytsje romte is, silst ús skûtsjes op it wetter sjen."

Dochs wat dwaan foar it publyk

Moandeitejûn wurdt oerlein oer yn hokker wykein fan septimber der om de jubileumbokaal syld wurde sil. "Dan sille we ek mei oerheidsynstânsjes yn petear moatte." De SKS fynt it wichtich dat der dochs wat foar skûtsjesylleafhawwers dien wurdt. Nagelhout: "We sille sjen hoe't we dochs wat betsjutte kinne foar de minsken dy't it skûtsjesilen in waarm hert tadrage. We ferwachtsje binnen no en twa wiken in definitive datum en binnen no en fjouwer wiken it beslút oft we it trochgean litte kinne."

"It is slikke en wer trochgean. Oars kin ik it net ferwurdzje", seit debutearjend skipper Klaas van der Meulen fan it skûtsje fan Wâldsein. "It soe moai wêze as we aanst wer oefenje kinne. Dat waard no noch net dúdlik en dat fûn ik wol spitich. Ik begryp ek wol dat de regearing sykjende is, dus je moatte rêstich bliuwe. Mar de skippers stean te brânen om it wetter op te kinnen. Oars geane je de winter yn en maart 2021 is in hiel ein fuort. Mar it wie moai dat we no wer efkes by elkoar komme koene. As debutant soene je ek wol earder oefenje wolle. Puer foar it jubileumjier soe it fantastysk wêze as we mei ús allen wat organisearje kinne. Dêr moatte je fol foar gean. Ik hoopje dat dat slagget."

(advertinsje)
(advertinsje)