Kollum: "Links of rjochts? Nee. Leaver net"

"De kollega-kollumnist fan de tongersdei makket him geregeld drok oer links en rjochts. Wêrby't yn syn ferhalen rjochts der dan meastal net goed foarwei komt, en dan druk ik it sêft út. Earlik sein begryp ik net sa goed mear wat links en rjochts is.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Nim no as foarbyld de PvdA. Dy partij is neffens it gefoel fan de measte minsken fan âlds links fan it midden. Yn it jier 2014 sei de partij, doe noch ûnder lieding fan fanatikus Diederik Samsom, dat se gjin inkelde moasje fan de PVV stypje soenen, sels al wienen se it mei de ynhâld fan de moasje iens. De oare partijen woenen dat Belgyske model fan in cordon sanitaire net folgje.
De dramatyske ferkiezingsútslach fan de PvdA dy't dêrop folge, se bleaunen mar mei njoggen keamerleden oer, soarge derfoar dat ûnder druk alles wer floeiber waard en se wer op ynhâld nei de moasjes fan Wilders syn partij sjen soenen. Yn 2016 kaam der al stipe fan de partij oer it manifest oer de âldereinsoarch. Letter folge stipe foar mear jild foar fersoargingshûzen, ek in foarstel fan Wilders syn partij.
De nije koers ûnder oanfiering fan Lodewijk Asscher liket stadichoan fertuten te dwaan. Net mei de foaroardielen fan it âlderwetske links of rjochts op de matearje yngean, mar op ynhâld. Dan kinne je it oer in hiele soad saken net iens wêze, mar mocht der in goed foarstel komme dat stipe fertsjinnet, is it koartsichtich om dêr net op yn te gean.
It dwers bliuwen, leveret polityk sjoen op de lange termyn ek selden elektoraal winst op. Asscher begrypt dat, Diederik Samsom woe dat blykber net begripe en is no dwaande op in post earne yn Europa dêr't nimmen in finger efter krije kin. Asscher stiet op in realistyske wize mei de poaten yn de politike modder, Samsom koe dat net opbringe.
Alderwetsk links of rjochts tinke is te maklik. As in politikus graach goede soarch wol, is dat dan links of rjochts? Of is dat net gewoan wat we allegearre wolle? As we mei ús allen graach op in sûne en fatsoenlike wize út de krisis komme wolle, is dat dan links of rjochts? In goede politike bestjoerder sjocht oer links en rjochts hinne en siket fan beide kanten it goede, saken dy't er brûke kin.
Lykas Asscher, troch nei de ynhâld te sjen, de PvdA fan in op stjerren nei dea ploechje backbenchers nei in partij brocht hat dêr't yn de peiling rekken mei holden wurde moat, fyn ik polityk besjoen in folle gruttere prestaasje as oan it giftige links-rjochtsklimaat fêsthâlde dat by guon oare partijen oerhearsket.
De wierheid leit altyd earne yn it midden. Asscher begrypt dat as gjin oar. Hulde. De oare fraksjefoarsitters soenen dêr in foarbyld oan nimme moatte. Guon stikjeskriuwers ek. Polderje wie sa gek noch net."