Bestjoerder útpykt nei ûngelok yn Drachten; gniisgas oantroffen yn auto

Helptsjinsten waarden freedtenacht alarmearre foar in iensidich ûngelok op de Stasjonswei yn Drachten. In bestjoerder wie mei syn auto tsjin in beam riden en dêrnei fuortrûn.
© ProNews
In bewenner fan de Stasjonswei hearde nachts in hurde knal en gie op ûndersyk út. Bûten trof er in auto oan dy't op in beam klapt wie. De bestjoerder makke him krekt út de fuotten. De bewenner skille dêrop fuortendaalks 112.
De plysje hat de bestjoerder noch socht, mar him net mear oantroffen. Om't de plysje derfan útgie dat de bestjoerder ferwûne rekke wie by it ûngelok, waard der in ambulânse oproppen.
Yn de auto waard in sillinder gniisgas oantroffen. In telefoan en de auto binne yn beslach naam. De eigener fan de auto bliek in bekende fan de plysje.