Auto klapt op beam yn De Haule; bestjoerder nei sikehûs

Op de Doarpsstrjitte by De Haule is yn de nacht fan freed op sneon in auto tsjin in beam klapt. De wein kaam tsientallen meters fierderop ta stilstân. De bestjoerder rekke dêrby beknypt.
© De Vries Media
De brânwacht slagge der nei hast in oere yn om de bestjoerder te befrijen. It slachtoffer is oerdroegen oan it ambulânsepersoniel en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. De dyk hat in skoft ôfsletten west. De auto rekke flink skansearre troch de botsing en is burgen.